Gjin nije wyk yn Laad en Zaad

11 feb 2006 - 17:07
Foto: Omrop Fryslân

De diskusje oer it bebouwen fan it gebiet Laad en Zaad by Boalsert moat ophâlde. De fraksje Bolswards Belang wol dêrfoar tiisdei by de ried in moasje yntsjinje. De riedsleden soene ôfsjen moatte fan bebouwing fan it gebiet tusken Boalsert en Blauhûs. De gemeente hat it gebiet yn 2001 kocht foar in nije wenwyk. Mar yn de ried wurdt no twifele. De PvdA wol in referindum oer de saak, grutste partij CDA wol krekt wol bouwe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)