Baggerjild ek foar ûndernimmers

11 feb 2006 - 16:05

De provinsje ferwachtet in soad flecht op 'e koai, no't ûndernimmers ek jild krije kinne foar baggerjen fan havens. Fierders kinne ek gemeenten gebrûk meitsje fan de nije regeling dêr't de provinsje dizze moanne ynfierde.

Der komme ynkoarten ynformaasjejûnen om partikulieren derop te wizen dat se subsydzje krije kinne foar it baggerjen. Skarsterlân is de earste gemeente dy't him oanmeld hat foar de bydrage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)