Net 20, mar 50 konteners yn see

11 feb 2006 - 13:13

Der binne folle mear konteners fan frachtskip Nedlloyd Mondriaan fallen as earder tocht waard. Meiinoar wol sa'n fyftich. Earder waard tocht oan 20, wêrfan der 9 oanspield binne op Skylge. Ynspeksje troch de kustwacht hat útwiisd, dat der wol sa'n 50 konteners yn see leine. Nei alle gedachten binne de measte nei de seeboaiem sakken.

In bergingsbedriuw is freedtemiddei begûn mei it bergen fan de konteners dy't op it strân fan Skylge lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)