Strân Skylge ûnder de sportskuon

11 feb 2006 - 11:32

It strân fan Skylge is oer in ôfstân fan kilometers bedobbe ûnder tûzenen sportskuon. De skuon sieten yn ien fan 'e tsientallen konteners dy't it frachtskip Nedlloyd Mondriaan tongersdei ferspile. Omdat de kontener iepen sprong en de skuon los op it strân lizze meie leafhawwers se meinimme.

Njonken de sportskuon spielden ek stikken boartersguod oan. Ek dat wurdt meinommen troch eilanner jutters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)