Visbeek Sint Anne fallyt

11 feb 2006 - 09:05

Technysk ynstallaasjebedriuw Visbeek út Sint Anne is troch de rjochtbank fan Ljouwert fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje 35 minsken. Kurator Stoker seit dat it bedriuw in skuld hat fan rûchwei ien miljoen euro.

Neffens Stoker hat it bedriuw in goed folde oarderportefeuille. De swierrichheden binne nei alle gedachten ûntstien trochdat in tal projekten net goed trochberekkene binne. Dêrtroch makke Visbeek ferliezen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)