Yad Vashempanel yn Fersetsmuseum

© Omrop Fryslân
Alle Friezen dy't Joaden beskerme en rêden hawwe yn 'e Twadde Wrâldoarloch wurde fan ein febrewaris ôf eard yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert. Foar de minsken mei in Yad Vashem-ûnderskieding fan 'e steat Israël wurdt in panel makke.
By de Yad Vashem-ûnderskieding heart de earetitel 'Rjochtfeardige ûnder de folken'. Yn 'e hiele wrâld hawwe 20.000 minsken sa'n ûnderskieding krigen. Yn Fryslân binne dat der sa'n 500.