Diskusje brûkersromte no fiere

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan PAL/GrienLinks yn Ljouwert wol dat der noch foar de ferkiezings praat wurdt oer in brûkersromte foar drugsferslaafden yn de stêd. Yn jannewaris waard it punt op fersyk fan Pvda en CDA fan de agenda helle. PAL/GrienLinks fynt it ûnderwerp te wichtich om it pas nei de ferkiezings wer te behanneljen.
De partij wol dat de brûkersromte yn de besteande dei-opfang foar drugsferslaafden komt.