Bogerman 'leukste skoalle'

10 feb 2006 - 09:15

It Bogerman College yn Snits hat de Radio 538 School-award wûn foar de leukste skoalle fan Nederlân. Dat is bekendmakke yn in live-radiosjow fan de jongerenstjoerder. Trije oare skoallen út Leiden, Schiedam en Uithoorn wiene ek nomineard. '

DJ Barry Paf fan Radio 538 hat koartlyn by de Snitser skoalle op ynspeksje west. Learlingen moasten ferskate opdrachten dwaan om sjen te litten dat harren skoalle de leukste is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)