Mear gearwurking skoalferfier

10 feb 2006 - 09:15

Fryske gemeenten sille probearje om it learlingeferfier better op elkoar oanslute te litten. Dat kin bygelyks regele wurde by de oanbesteging fan it skoalferfier. Dat is tongersdei ôfpraat op in gearkomste fan de feriening fan Fryske gemeenten.

Guon gemeenten besunigje op it learlingeferfier omdat it in soad jild kostet. Bern moatte dêrtroch mei it iepenbier ferfier reizgje. Alders binne der meastentiids net bliid mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)