'Untslaggen NDC komme hurd oan'

09 feb 2006 - 21:55

De ûndernimmingsried fan 'e Noordelijke Dagblad Combinatie wol dat de direksje yntern in oplossing siket foar de 50 meiwurkers dy't harren baan kwytreitsje. Dat seit foarsitter Eddy van der Noord fan 'e UR.

Direkteur Anceaux makke bekend dat 50 fan 'e 100 meiwurkers fan 'e ôfdieling dy't adverintsjes opmakket, de kommende tiid har baan ferlieze. De helte fan dy 50 wurket yn Ljouwert. Dat baneferlies komt hurd oan, sa seit de UR.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)