Legionella yn MCL Harns

09 feb 2006 - 21:54

Pasjinten en bewenners fan it MCL yn Harns wurde mei de hân wasken, no't der legionella yn de douches sit. Woansdeitejûn waard de baktearje ûntdutsen. it giet om sawol it sikehûs as ferpleechhûs De Batting, dy't beide falle ûnder soarchynstelling MCL.

De wetterliedingen wurde op it stuit skjinmakke. It MCL ferwachtet dat it nog wol in pear dagen duorje kin, foardat de minsken wer ûnder de douche kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)