Banen fuort by NDC

09 feb 2006 - 17:52

By de Noordelijke Dagblad Combinatie, dêr't ek de Ljouwerter krante ûnder falt, wurde nei alle gedachten sa'n 50 banen skrast. It giet om wurk op de advertinsje-ôfdieling en by de foarmjouwing. Dêr wurdt hieltyd mear mei kompjûters dien, en dêrtroch binne der minder minsken nedich.

Beide ôfdielingen wurde gearfoege en der wurde banen skrast. Der wurdt in sosjaal plan opsteld. De ûndernimmings- ried moat noch oer de plannen gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)