Argewaasje oer megaturbines

09 feb 2006 - 16:52
Foto: Omrop Fryslân

De ûndúdlikens oer megaturbines yn Dongeradiel soarge woansdeitejûn foar in drokbesochte kommisjegearkomste. Njoggentich, benammen tsjinstanners, sieten op 'e tribune.

It is net dúdlik hoe heech de mûnen wurde, hoefolle't der komme en wêr't se komme. Wurde se 120 meter heech, dan binne fjouwer genôch. Wurde se 80, dan komme der seis. Se komme by Nijewier en Mitselwier. De wethâlder sei dat Lichtaard in reserve-opsje is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)