'Boatkaartsjes net djoerder'

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Skylge makket him soargen oer de tariven fan de feartsjinst en wol dy ûnder de oandacht fan de polityk yn Den Haach bringe. De gemeenteried naam dêr tiisdei in moasje oer oan. De riedsleden fan Amelân en Skiermûntseach diene soks al earder.
De boatkaartsjes meie neffens de politisi op de eilannen net djoerder wurde as no. As it wol gebeurt, kin dat gefolgen hawwe foar it tal minsken dat in besite bringt oan de waadeilannen.