Berop brêgewipper stjêrt út

08 feb 2006 - 22:47

Op termyn ferdwine alle brêgewippers yn Fryslân. De provinsje en gemeente ûndersykje wat it kostet om alle brêgen fanút in pear sintrales oan te stjoeren. Sa moat foarkommen wurde dat boatsjeminsken ûnnedich lang foar in brêge lizze te wachtsjen. No is it soms sa dat brêgen tusken de middei ticht binne om't de brêgewipper te iten is.

Ien of twa brêgen kinne as toeristyske attraksjes mei de hân betsjinne bliuwe, ynklusyf it klompke foar it brêgejild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)