Accell nimt fabryk yn VS oer

08 feb 2006 - 17:11

Fytsefabryk Accell op it Hearrenfean hat in bedriuw oernommen yn Amearika. Amearika is in groeimerk foar Accell om't bewege en sunens dêr in grutte trend binne. Fytse past dêr goed by.

It giet om it bedriuw Seattle Bike Supply, SBS, mei in omset fan 36 miljoen dollar en 90 meiwurkers. Finansjeel direkteur Sybesma fan Accell wol net sizze hoefolle der betelle is foar it Amerikaanse bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)