Fragen opbringst NUON-oandielen

08 feb 2006 - 16:24

De FNP-steatefraksje hat op 'e nij fragen steld oer de mooglike negative gefolgen foar it Frysk NUON-oandiel troch de Splitsingswet fan minister Brinkhorst. Sa'n splitsing soe miljardeklaims út Amearika opsmite. Earder wimpele deputearre Ploeg de finansjele risiko's noch fuort.

De FNP wol fan Ploeg witte oft de wearde fan de Fryske NUON-oandielen negatyf beynfloede wurdt troch de oandúdlikens oer de klaims.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)