Beamstammen op A32 by ûngelok

18 mrt 2012 - 15:26

By in iensidich ûngelok op de A32 tusken Grou en Wurdum bedarre sneintemiddei in lading beamstammen op de autodyk. By it ûngelok kantele in landrover mei oanhinger. De lading beamstammen yn de oanhinger kaam hjirtroch op it asfalt en blokkearre twa rydbanen.

By it ûngelok rekken twa fan 'e fjouwer ynsittenden yn de landrover licht ferwûne. De plysje hat de autodyk tydlik ôfsletten foar it ferkear. It ferkear koe omlaat wurde oer de flechtstrook. De brânwacht hat holpen by it frijmeitsjen fan de A32.

De plysje hat landrover en oanhinger yn beslach nommen foar fierder ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok A32 beamstammen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)