Lânskipsprojekten flugger klear

08 feb 2006 - 11:54

It moat dien wêze mei lânskipsprojekten dy't hast wol tritich jier duorje. Dat sei deputearre Anita Andriesen tiisdei by de ûndertekening fan de prestaasje-oerienkomst tusken de provinsje en de Dienst Landelijk Gebied. Dêryn steane de projekten foar lânynrjochting, grûnwinning en natuerbehear op in rige.

Guon projekten duorje sa lang om't der te min minsken beskikber binne. In nij projekt is bygelyks de Sintrale As.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)