Feiling kij fan de baan

© Omrop Fryslân
De feiling fan 1200 kij fan feehâlder Van der Ploeg út Wergea is fan de baan. De BV Tollebekerhout hie opdracht jûn foar de feiling om't de BV 6,5 miljoen euro fan Van der Ploeg easket. Der is tiisdei lykwols in skikking troffen. De ynhâld dêrfan wurdt net bekend makke.
It skeel gie oer de grûn fan in pleats yn België dy't Van der Ploeg ferkocht oan de eigner fan de BV. Dêrop mei net boud wurde, wylst Van der Ploeg sein hie dat it wol mocht.