Skipssloperij mei boud wurde

07 feb 2006 - 23:13
Foto: Omrop Fryslân

Protesten fan ûnder oaren Pleatslik Belang Kootstertille om de komst fan in skipssloperij by it doarp te kearen, binne foarearst op neat útrûn by de Raad van State yn Den Haach. Dêr is praat oer de miljeufergunning.

Pleatslik Belang fûn dat der net begûn wurde mocht mei de bou foardat de rjochtsaak tsjin dy fergunning hielendal útiten is. Dat fersyk is ôfwiisd. Dochs begjint de bou pas as de fergunning hielendal rûn is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)