Tichelaar Ierdewurk yn spanning

© Omrop Fryslân
Ierdewurkfabrikant Tichelaar út Makkum wachtet op in definityf ja foar in prestigieus keramykprojekt yn New York. In keunstmuseum yn it Central Park krijt in nije gevel. Tichelaar is frege om tegels te ûntwerpen en te meitsjen.
De arsjitekt fan it museum is akkoart mei it ûntwerp fan Tichelaar. De platen binne moandei opstjoerd nei Amearika. In spesjale kommisje sil no bepale oft Tichelaar it projekt definityf útfiere mei.