22 Fiskstreupers pakt yn 2005

07 feb 2006 - 20:19

It AID-fiskstreuperijteam hat ferline jier 22 persoanen bekeurd. Der binne 13 kilometer oan steande netten, 700 dobbers, trije boaten en trije bûtenboardmoters yn beslach nommen. Steupers hawwe it leafste snoekbears. Dêrfan is ferline jier 750 kilo yn beslach nommen.

De plysje hat ek in streuperijteam. Mei-elkoar binne der 217 stiks yllegaal fisktúch yn beslach nommen. Der binne 276 processen-ferbaal útskreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)