'Leechstân kantoaren net slim'

07 feb 2006 - 17:04

De leechstân fan kantoarromtes op bedriuweterrein De Woudfennen op 'e Jouwer is net echt in grut probleem. Dat sei wethâlder Hylkema moandei op in kommisjegearkomste. PvdA-riedslid Van Hien hie de saak oankaart, omdat er fynt dat de romtes te lang leechstean.

Wethâlder Hylkema fynt de leechstân net ideaal, mar neffens him giet it net sa min mei de wurkleazens yn de gemeente. Yn Skarsterlân leit it persintaazje 3 prosint ûnder it Fryske trochsneed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)