Drachtster dielt klappen út

18 mrt 2012 - 14:30

De plysje hat sneontejûn op De Kaden yn Drachten in Drachtster (19) oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man hie earder op de jûn by in tankstasjon op de Stasjonswei twa oare Drachtsters fan 18 en 19 jier klappen jûn. Dat barde sûnder dat der in dúdlike oanlieding foar wie.

De man waard oanhâlden op basis fan it sinjalemint. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. By it fûillearjen fan 'e man fûn de plysje kokaïne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)