Plan-swimbad Lemmer falt goed

© Omrop Fryslân
It plan fan in strânpaviljoen mei in swimbad is moandei as meast posityf út de bus kommen op in riedskommisje yn Lemsterlân. It paviljoen soe komme moatte op de dyk by De Lemmer.
De gemeente hie de kar út trije plannen. Ien sprong der dúdlik út, omdat it it bêst foldocht oan de easken dy't de gemeente stelt. Mooglik kin yn de takomst ek it skoalswimmen yn it 25-meter-bad plakfine. Letter dizze moanne folget de definitive kar.