MCL Harns makket reklamekampanje

07 feb 2006 - 11:19

As earste sikehûs yn Fryslân begjint MCL Harns mei in reklamekampanje. Ut ûndersyk docht bliken dat minsken it sikehûs ûnder de eardere namme De Batting faak sjogge as âldereinsoarch.

De reklamekampanje moat minsken wize op de mooglikheden fan it sikehûs, lykas koarte wachttiden, de húslike sfear en it fergese parkearen. De advertinsjes ferskine benammen yn hûs-oan-hûs-blêden en nijsblêden, ek yn Noard Hollân. Der komme ek radiospotsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)