Lesterhuis tydlik nei It Amelân

07 feb 2006 - 11:18

Hans Lesterhuis is sûnt moandei tydlik boargemaster fan It Amelân. Lesterhuis sil nei alle gedachten oant augustus oanbliuwe. Dêrnei nimt de definitive opfolger fan de foarige boagemaster Verhoeven it oer.

It Amelân is foar Lesterhuis bekend terrein, want hy hat der earder njoggen jier lang boargemaster west. Ein ferline jier naam er ôfskie as boargemaster fan Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)