Belied Ljouwert lanlik foarbyld

© Omrop Fryslân
It nije Ryksbelied foar jongerein tsjin it ûntspoaren fan jongerein sil behoarlik lykje op de Ljouwerter oanpak. Ljouwert is ien fan fiif gemeenten dy't in eigen metoade makke ha wêrmei't problemen by jongerein betiid opspoard wurde. Dat is de saneamde soarchmonitor.
De ûnderfining mei de monitor wurdt brûkt om lanlik ek sa'n systeem te meitsjen. Moandei krijt steatssiktaris Ross in rapport oer de oanpak.