Steuring by Frysk Deiblêd

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd hat moandeitemoarn lêst hân fan in grutte kompjûtersteuring. De krante koe dêrtroch net op 'e tiid printe wurde.
De abonnees krije de krante moandei folle letter besoarge. Dat wurdt dan in útklaaide edysje, want in tal fêste rubriken binne net mear te produsearjen. Yn de neededysje fan de krante sit wol in sportkatern, mar gjin opinyside en regioside.