Brân yn Twizel

© Omrop Fryslân
De brânwacht hat sneintemiddei in brân blust yn in wenhûs yn Twizel. Trije omlizzende huzen waarden út foarsoarch ûntromme. Der rekke nimmen ferwûne. Ien wente is ferlern gong, twa rûnen skea op.
De brân is mooglik ûntstien troch koartsluting. De bewenner fan it hûs dêr't de brân ûntstie, hie in wytkwekerij op 'e souder. De plysje hat him oanhâlden en in ûndersyk ynsteld.