Digitale seekaart op Waad

© Omrop Fryslân
De ferskate feiligenstsjinsten sille har grip op it Waad ferstevigje, mei help fan in digitale seekaart. Dat seit it Servicepunt Handhaving Waddenzee.
Fia sa'n digitale seekaart kinne skippen fan de douane en de plysje op it Waad gegevens útwikselje. Sa kin sjoen wurde oft skippen op it Waad yn oertreding binne of net. It giet dan bygelyks om skippen dy't yn in natuergebiet farre dêr't se net komme meie, of skippen dy't te hurd farre.