Luie Hond tekenet kontrakt

© Omrop Fryslân
De Fryske reggaeband Luie Hond hat in gearwurkingskontrakt tekene mei de bedriuwen Play it Again Sam en Agents After All. Yn de mande mei dizze twa bedriuwen sil besocht wurde de band optimaal te promoaten.
It iene bedriuw fersoarget dêrby de promoasje en de oare docht de boekingen. Dizze wize fan wurkjen waard earder al brûkt foar de suksesfolle bands Racoon, Beef en Brainpower. Fan it simmer komt in nije plaat út.