Seldsume krabben op Flylân

06 feb 2006 - 14:28

Twa út Azië ôfkomstige krabben binne oanspield op Flylân. It giet om de fiif sintimeter grutte blaasjeskrab en de trije sintimeter grutte penseelkrab.

De blaasjeskrab is al faker sjoen yn it Waadgebiet. De penseelkrab kaam oan no ta net fierder as Hoek van Holland. Yn it suden fan Nederlân binne fan beide soarten al in hiel soad te finen. De ferwachting is dat de twa krabben yn tsien jier tiid ek de macht yn it Waadgebiet oernommen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)