Nije klokkestoel yn Drachten

06 feb 2006 - 11:46

Op it begraafplak de Wâldhôf yn Drachten wurdt takom moanne út ein set mei de bou fan de grutste klokkestoel fan Fryslân. De stoel wurdt tsien meter heech en kriget trije liedklokken.

De klokkestoel is in replika fan in type dat earder op it Suderbegraafplak yn Drachten stien hat. Dy is yn de oarloch ferdwûn. De gemeente Smellingerlân betellet it projekt, dat 125.000 euro kostet. De klokkestoel moat fan it simmer yn gebrûk naam wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)