Aris ferliest nei ferlinging

05 feb 2006 - 16:37
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris hawwe nei in ferlinging mei 99-91 ferlern fan Weert. Koart foar it lêste fluitsignaal hiene de Ljouwerters noch in foarsprong fan seis punten, mar tsjinstânner Weert kaam werom oant 78-78. Yn de ferlinging wie Weert folle better en ferlear Aris mei 99-91.

Aris bliuwt no lêste mei mar twa oerwinningen. Weert stiet mar ien plak boppe Aris. Troch de nederlaach is de kâns op de play-offs no net grut mear.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)