Auto te wetter by Westergeast

05 feb 2006 - 16:26

Op de Weerdebuorsterwei by Westergeast is sneon in auto yn it wetter rekke. De plysje, de brânwachtkorpsen fan Eanjum en Kollum en in dûkteam ferlienden help. Ek in traumahelikopter waard ynsetten.

De twa ynsittenden rekken net ferwûne, mar wiene wol ûnderkuolle. Se binne op it plak fan it ûngelok troch de dokter fan de traumahelikopter ûndersocht en dêrnei nei it sikehûs yn Dokkum brocht. De plysje ûndersiket de tadracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)