Regels foar fergoeding stranger

© Omrop Fryslân
De regels foar de finansjele fergoeding foar fraksjes yn de gemeenteried fan Smellingerlân moatte flink stranger wurde. Dat wol in wurkgroep yn de gemeenteried. De fraksjes krije alle jierren in pear tûzen euro foar har wurk. Oant no ta wurdt dat hiel ferskillend bestege, om't de regels ûndúdlik binne.
Yn in nije feroardening wurdt soks no better regele. De gemeenteried fan Smellingerlân moat dy noch goedkarre.