Winkeldief pakt yn Snits

Burgernet © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemiddei yn de Swettebosk by Snits in winkeldief oanhâlden. De man soe, tegearre mei in maat, guod meinommen ha yn in winkel oan 'e Oasterdyk. Meiwurkers fan 'e winkel joegen de plysje in sinjalemint en dy sette it op Burgernet.
In dielnimmer oan Burgernet melde dat sy ien fan 'e manlju sjoen hie yn de Swettebosk. Hjir waard de man oanhâlden. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. De twadde fertochte waard net fûn.