Cambuur pakt wer trije punten

05 feb 2006 - 12:02

Cambuur hat freed yn iegen stadion mei 1-0 wûn fan Omniworld. De Ljouwerters namen dêrmei revanche op it blamearjend 2-0 ferlies yn de útwedstriid yn Almere, oktober ferline jier.

De ploech fan Roy Wesseling wie freedtejûn dûdlik te sterk foar it dit jier debutearjende Omniworld. Dochs slagge it mar ien kear it net te finen. René van der Weij waard mei in prachtige goal matchwinner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)