Kraan leanbedriuw rêdt man

04 feb 2006 - 17:14

In autobestjoerder is freedtejûn rêden troch in kraanmasinist. De man bedarre mei syn auto tusken Wommels en Tsjom op 'e kop yn 'e sleat. De bestjoerder koe der sels net útkomme. Omstanners warskôgen de helptsjinsten. Mar in kraan fan in leanbedriuw yn 'e buert wie der gau by.

De kraan takele de auto derút. Neffens plysje hat dat syn libben rêden. De man is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Hoe't it no mei him is, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)