Anita 'Wichtichste Wiif'

© Omrop Fryslân
Deputearre Anita Andriessen is keazen ta 'Wichtichste wiif' fan Fryslân. Se krige dizze priis om't se grutte ynfloed hat yn de provinsje. De ferkiezing fan de 25 wichtichste froulju is in inisjatyf fan studinten fan de oplieding Marketing en Management fan de NHL yn Ljouwert.
Op nûmer twa einige Leonor Lindner, direksjelid by Friesland Foods. Op plak trije einige Anja Kanters. Sy is direkteur fan Donker BV.