Brân yn Gerjochtshôf

04 feb 2006 - 13:14
Foto: Omrop Fryslân

Yn it Gerjochtshôf yn Ljouwert hat sneontemoarn in brantsje west. Oarsaak is in steuring yn it elektrisiteitskast yn it gebou oan it Wilhelminaplein. It âlde gebou stie fol mei reek. De stroomkast wie alhiel stikken.

Fanwege de reekûntwikkeling bûtendoar moast de plysje it ferkear regelje. Flak nei tsien oere wie de brân ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)