Amateurfuotbal giet net troch
De amateur fuotbalwedstriden fan it kommende wykein binne ôflast. Yn it hiele distrikt Noard sit der noch aardichwat froast yn de fjilden, wêrtroch dy net goed bespylber binne.
De wedstriden yn de haadklasse fan it amateurfuotbal en yn it betelle fuotbal gean, as it waar it talit, wol gewoan troch.