Fans Ajax en H'fean op 'e fûst

04 feb 2006 - 08:26
Foto: Omrop Fryslân

Fans fan Hearrenfean en Ajax binne tongersdeitejûn yn de rêst mei elkoar op de fûst gongen. Sa'n 50 Ajaxsupporters hiene in kaart foar it Hearrenfeanfak. Yn it skoft fan it duel kamen de Ajacieden nei ûnderen en kamen sy yn oanrekking mei fans fan Hearrenfean.

In man (30) fan De Gordyk hat oanjefte dien fan mishanneling tsjin in man (32) út Noard-Hollân dy't ek oppakt is. Sportklub Hearrenfean wol net reagearje op ynsidint.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)