Ljouwerter basis nei Afganistan

04 feb 2006 - 08:26

De brânwacht fan de Ljouwerter fleanbasis giet mooglik nei Afganistan. Dat befestigt Definsje. In beslút is noch net nommen. Der wurdt op it stuit sjoen hokker ienheden meiwurkje moatte oan de operaasje.

Der sil ûnder oare gebrûk makke wurde fan it fleanfjild yn Kandahar. Op it stuit binne de F-16's fan de fleanbasis Volkel aktyf. De ferwachting is dat dêrnei de tastellen en piloaten fan de Ljouwerter basis wer yn aksje komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)