Man alve moanne ûnskuldich fêst

04 feb 2006 - 08:25

In 21-jierrige Ljouwerter is troch de rjochtbank frijsprutsen fan belutsenheid by in gewelddiedige oerfal yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert. De oerfal wie febrewaris ferline jier op in homo-moetingsplak.

De man siet krekt as fjouwer oare fertochten sûnt de oerfal fêst. Yn augustus krige er noch in swiere straf. Yn heger berop sei ien fan de meifertochten dat de Ljouwerter ûnskuldich is. De man is frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)