Landverhuizers is tema fan Oerol

03 feb 2006 - 17:07

It Oerol-festival op Skylge fiert dit jier syn 25-jierrich jubileum. Fan 16 oant en mei 25 juny stiet it festival yn it teken fan it tema Landverhuizers. De titel hat te krijen mei alle útienrinnende ymmigranten dy't har de ôfrûne ieuwen festige ha op Skylge.

Ien fan de acts kont fan de Frânske strjitteatergroep Le Phun. Op 11 febrewaris wurdt yn Paradiso yn Amsterdam in foarpriuwke hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)