Taksypoat Arriva ferkocht

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva hat de taksypoat ferkocht. It bedriuw is oernaam troch Kijlstra út Drachten, taksybedriuw Súdwest-Fryslân út Snits en De Kort fan Easterwâlde. Hoefolle de trije bedriuwen dêrfoar betelle ha, wol direkteur Hettinga fan Arriva net bekend meitsje.
It personeel kin mei oer nei de keapers. De ûndernimmingsrieden moatte noch wol tastimming jaan.