De Jong krijt kontrakt by Jawa

03 feb 2006 - 15:50

Gersbaanracer Jannick de Jong krijt in kontrakt by motorfabrikant Jawa. Hy is dêrmei de twadde Nederlanner nei Theo Pijper fan Rinsumageest dy't in kontrakt fertsjinnet. De 18-jierrige koereur fan de Gordyk krijt troch it kontrakt materiaal en in motor ter beskikking.

De Jong is op dit stuit in koereur dy't bekend stiet om syn spektakulêre manier fan racen. Ferline jier wie hy de jongste dielnimmer op it WK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)